Anne P kinderen

Anne Veenstra-Posthumus, yn ús doarp foaral bekind as Anne P., is en wie yn Rottefalle in begryp. Dit monumint oan de Brouwersgrêft hat mear as tritich jier yn it besit west fan Anne P. Nei har ferstjerren yn 2013 ha wy yn 2014 it hûske kocht en ferboud sa’t it no is.

(Anne Veenstra-Posthumus, is berne op 1 novimber 1927 oan de Langewyk yn Rottefalle, se hat troud west mei Roelof Veenstra en is ferstoarn op 27 augustus 2013).

Anne P., in begryp yn Rottefalle. Omt sy eartiids op de Ulo mei noch fjouwer oare Annes yn de klasse siet, waard sy Anne P. neamd. Dizze namme is it altyd bleaun. Besikers fan bûten Rottefalle dy 't Anne P. besykje woene, fregen yn it doarp wêr't Anne P. wenne, ûnwittend fan har echte namme.

Hoewol 't sy nea yn it hûske oan de Brouwersgrêft wenne hat, wie it al mear as tritich jier har besit. It hûske waard troch har brûkt as atelier/hobbyrûmte. Anne P. hâldde fan 'fröbelen' en mei dat wurd dogge wy har sûnder mis tekoart. Fan it droegjen fan strieblommen oant macramé en it meitsjen fan allerhanne winskkaarten oant it meitsjen fan dekoraasjes oan de muorre en blomstikjes. In protte Rottefalsters hawwe 'les' hân by Anne P. yn de ferskate techniken. Mear as tritich jier is Anne P. ferbûn west oan de Kristlike Basisskoalle yn it doarp. Hjir waarden de saneamde 'keuzekursussen' organisearre foar de bern fan groep 4 ôf. Ien fan dizze 'keuzecursussen' wie steefêst: 'nifelje by Anne P.'. Net elk bern sil hjir altyd foar yntekene ha, omt se sa graach nifelje woene. Nee, it feit datst dêrfoar nei it bysûndere hûske oan de Brouwersgrêft moast, dát wie de reden. En ... net te ferjitten it dropke, dêr't healwei de middei op traktearre waard.

Wy 'kinne' Anne P. út de legere skoalletiid fan ús bern. Suzanne kaam regelmjittich by Anne P. op besite. Omt ik har dêr as famke fan 7 jier hinne brocht, seach ik it mini-hûske fan binnen. Earst moast men efterom troch de efterdoar, dan bûge, wer bûge en nochris bûge. Yn elk doarkezyn hongen reade lintsjes sa datst warskôge wiest. Sa't ik it belibbe ha, moasten wy troch allegear nauwe gonkjes nei de wenkeamer. En dêr siet Anne P. dan foar de skoarstienmantel efter de grutte tafel. Neffens Suzanne, stie op dizze skoarstienmantel altyd it potsje mei dropkes. Anne P. naam gjin blêd foar de mûle en sei wêr’t it op stie. Oer fan alles waard praat mei it lytse grut, mar se liet de ûnderwerpen nea te swier wurde, Sy wie oprjocht ynteressearre yn elk bern en dizze moetings holden har geast jong. Sa kaam Suzanne ris thús mei it ferhaal dat Anne P. gjin boarst mear hie: “Se hat dêr no wat oars sitten…” en dêrmei wie it út foar it bern.

As siktaris fan Doarpsbelang ha ik, Yvette, yn 2012 in oantal petearen hân mei Anne P. Sy fielde har al langere tiid net goed en it hûske oan de Brouwersgrêft waard har wat tefolle. Under har eigen betingsten woe se it wol ferkeapje: It hûske moast yntakt bliuwe en se woe it graach as museum ynrjochte ha. As foarbyld neamde se it themapark De Spitkeet op De Harkema (sjoch ek Ferwizing Kunst en Kultuer). Sy fûn it wichtich dat de generaasje fan no witte soe ûnder hokker omstannichheden eartiids libbe waard. Sy hie ek noch in bulte guod dat se oan dit doel jaan woe. It smiet prachtige petearen op. Doe’t ik har nei in heal jier meidiele moast dat Doarpsbelang it, neidat sy it lang en goed yn harren omgean litten hie, fan de keap ôfseach, foel har dat bot ôf fan Doarpsbelang.

Earlik en rjocht troch see, it hert op 'e tonge, optimistysk en fleurich fan aard. Anne P. wie al jong widdo. Doe't se krekt 30 jier wie, ferstoar har man en bleau se efter mei trije lytse bern (7, 5 en 2 jier). Sy hat swiere tiden kind en dochs bleau se altyd oerein.

Dit hûske, dat is foar De Rottefalle it hûske fan Anne P. Ek al is it dan gjin museum wurden, wy tinke dat sa autentiek as wy it hûske holden ha, sy dat prachtich fûn hie. Dêrom ha wy ek besluten har namme oan dit fakânsjehûske te ferbinen: ’t Stee fan Anne P.

Fasiliteiten:

  • Televyzje en ynternet
  • Keuken mei ôfwaskmasine en kuolkast mei friesfak
  • Waskmasine
  • Houtkachel
  • Tún mei túnset

Folgje ús op:

Adres:
't Stee fan Anne P.
Brouwersgrêft 5
9221 SZ  Rottevalle
Route
Telefoon: (06) 15 22 12 60
E-mail: info@tsteefanannep.nl

Naar boven