Wandelroutes
Wandel- en fietsroutes
 Rottevalle - de Leyen
Rottevalle - de Leien
 Zwemstrandje aan de Leyen
Recrëeren aan de Leien

De Rottefalle is in lyts doarp yn de gemeente Smellingerlân (fuort by Drachten), sintraal lein yn de noardlike trijehoek Ljouwert, Grins, Assen. De Rottefalle is in doarp dat ryk is oan skiednis. Foar de leafhawwer binne der genôch skiednisboekjes yn de wente oanwêzich. De Brouwersgrêft bygelyks leit yn de âlde kearn fan it doarp en bestie al ear't it doarp har namme krige.

Fanút de Rottefalle binne der prachtige mooglikheden foar fytsers en kuierders. Fanút it doarp fytst of rint men de Mûntsegroppe yn en kin dan al genietsje fan it Fryske lânskip. Wêr't yn it westen en midden fan Fryslân foaral de marren lizze, lit dizze hoeke in hiel oar oansicht sjen. Lytsskalige lânskippen mei moaie bosken, houtwâlen, gersfjilden en sleatten wikselje mekoar ôf. Foar in supermerk is men oanwezen op Drachten of Surhústerfean (ûngefear 6 kilometer fierderop).

Kuierje en fytse

Fytsrûtenetwurk SúdEastFryslân, knooppunt 99 (De Rottefalle), makket diel út fan it fytsrûtenetwurk SúdEastFryslân. Oan 'e ein fan de Brouwersgrêft fynt men knooppunt 99. In rûte dy’t men eins net misse mei foar dizze ûmjouwing is it 'rûntsje om De Leyen'. Dizze kin men fine op https://www.route.nl/fietsroute/115089/de-leijen. Mei it fytsrûtenetwurk kin men de rûtes oanpasse nei de ôfstân dy't men fytse wol. Yn de wente leit in fytskaart mei dêrop alle knooppunten fan dit gebiet (foar De Rottefalle begjin- en einknooppunt 99 oanhâlde).

De Leyen

Ticht by De Rottefalle, op amper in kilometer ôfstân, leit de prachtige mar De Leyen. Dizze mar is ûntstien troch feanôfgraving en dêrtroch op in protte plakken ûndjip. Troch de mar rint it soal dat oanslút op de Peinder Feart nei De Pein en op de Lits nei Eastermar en De Rottefalle. Simmerdeis is de mar in favoryt plakje foar jong en âld. Net allinne swimmers, surfers en silers fine it paad nei De Leyen, mei moai waar is it ek mei lytse bern hearlik boartsjen op it strân en kinne se der lekker poatsjebaaie.

Wettersport »

Wettersport (La Dure Watersport & Recreatie)

As men yn lytse doarpskuier makket, komt men by de haven fan De Rottefalle, wêr't de ein is fan De Lits. Is men in leafhawwer fan it wetter, dan kin men by LaDure Watersport & Recreatie (by de haven) in kano of in boat hiere. Men kin dan sa troch de Lits nei de Leyen farre. Mochten jo sels in boat ha, dan kin dizze sûnder problemen yn it wetter litten wurde by de trailerhelling dy't dêr is. Ek de minsken dy't fan fiskjen hâlde, kinne it op ferskate plakjes prebearje. Dat is ek mar in hiel lyts eintsje te rinnen.

Skûtsje De Rot, www.derot.nl

It âldste skûtsje dat noch fart, hjit De Rot en hat har fêste lisplak yn de haven fan De Rottefalle. It skûtsje is boud yn 1887 en hat jierrenlang tsjinst dien as beurtskip fan De Rottefalle nei Ljouwert. Yn 2011 hat in tal entûsiaste minsken út De Rottefalle in Stichting 'Freonen fan de Rot' oprjochte en wie it mooglik dit skûtsje oan te keapjen, nei't it in protte omswervingen makke hie yn Nederlân. Fan maaie ôf oant en mei oktober is it mooglik om in fartocht mei it skûtsje te meitsjen. Reservearje op tiid, want fol=fol.

Keunst en Kultuer »

Galerie Atelier Klaske Kalsbeek-Vlasma

Oan de Heidbuorren 3 yn De Rottefalle is Galerie Atelier Klaske Kalsbeek-Vlasma festige. Klaske Kalsbeek (berne yn 1948) hat yn 1992 foar it earst yn har libben in penseel yn hannen nommen en begûn doe har gefoelens foar blommen yn skitterende akwarellen ta útdrukking te bringen. Sy waard rekke troch de natuer en bout no al skilderjend har komposysje op fan blommen, stillibbens of lânskippen. Al fiif kear hat sy in priis krigen op in eksposysje yn Fryslân en in earste priis op de Art Expo 1997 yn Amsterdam. Fan te foaren efkes in tillefoantsje en men kin altyd op ôfspraak by har terjochte.

Gallery B 13, de lytste 'gallery' fan Nederlân, sûnt septimber 2014

Op inisjatyf fan in doarpsbewenner is der in etalaazje fan in earder winkelhûs omtsjoene ta in eksposysjerûmte. Dizze permaninte eksposysjerûmte is bedoeld foar Rottefalster amateur keunstners, mar ek beskikber foar amateurs yn de gemeente Smellingerlân. It is de bedoeling dat om de 2-3 moannen ien of mear amateurs in eksposysje fersoargje. Elke lêste snein fan de moanne is de gallery iepen en de eksposearende keunster(s) oanwêzich. Foar aktuele ynformaasje en iepeningstiden ferwize wy jo nei Gallery B13 (Buorren 13).

Iepenloftmuseum/Themapark De Spitkeet

As jo yn de Rottefalle binne, riede wy jo oan perfoarst in besite te bringen oan it themapark De Spitkeet op de Harkema. Dit themapark leit op in terrein fan mear as 4 hektare grûn en lit sjen hoe’t minsken yn de Grinzer en de Fryske Heide it net altyd maklik hân ha yn it tiidrek 1850-1950. It folk wie earm en de omstannichheden wiene allertreurichst. Men kin de ferskate soarten wenten sjen en de omstannichheden dêr't de minsken doedestiids yn libben en wurken. Hjoeddeis kin men net yntinke dat it noch mar 100 jier ferlyn is. It themapark is bêst te dwaan op de fyts fan út de Rottefalle. Men fytst de Mûntsegroppe yn en nei likernôch 6 km sjocht men it themapark oan de rjochterhân.

Ite en drinke »

Paviljoen De Leyen

Oan it strân by De Leyen leit it restaurant De Leyen. Dêr kin men op it terras ûnder it genot fan in kopke kofje of thee, genietsje van it prachtige útsjoch. Ek is it in prima lokaasje foar in lunch of diner. En wol men in prachtige sinneskyndei ôfslute op in hiel bysûndere wize, soargje dan dat jo dêr by De Leyen binne en sjoch dan de sinne stadichoan yn it wetter weisakjen.

Herberg van Smallingerland

It doarp De Rottefalle hat mar leafst njoggen ryksmonuminten en fiif gemeentlike monuminten, elk mei in eigen skiednis. Ien fan dy ryksmonuminten is De Herberg van Smallingerland. Al mear as twahûndert jier kinne hjir roppige en toarstige reizgers terjochte. Krekt as ’t Stee fan Anne P. leit dit restaurant yn it âlde sintrum fan De Rottefalle (amper 25 meter rinnen fan ’t Stee ôf). By de Herberg betellet men in bûssint mear, mar is men ek echt in jûntsje fuort. It restaurant is oansluten by Relais Restaurants en dat betsjut 'ienheid yn ferskaat'. Sy ûnderskiede har troch op ambachtlike wize te wurkjen mei streek en duorsume yngredienten.

Café De Lits

En makket men de kar foar gemak of in flaubyt, dan kin men tsjinoer ’t Stee by de pleatslike kroech Café De Lits in snackje helje.

  • Geunstige lizzing yn trijehoek Ljouwert/Grins/Assen
  • Tichteby de mar De Leyen (<1km)
  • In hiele protte fyts- en kuiermooglikheden
  • Fytsferhier mooglik (fytsen steane klear by oankomst)
  • Smookfrij
  • Gjin hûsdieren

Folgje ús op:

Adres:
't Stee fan Anne P.
Brouwersgrêft 5
9221 SZ  Rottevalle
Route
Telefoon: (06) 15 22 12 60
E-mail: info@tsteefanannep.nl

Naar boven