Wolkom by de fakânsjewente/B&B ’t Stee fan Anne P.
Men kin ús fine yn De Rottefalle, in pittoresk doarp net fier fan Drachten, Fryslân, midden yn de Noardlike Fryske Wâlden.
't Stee fan Anne P
Stee is in oar wurd foar plakje. 't Stee fan Anne P. is in folweardige fakânsjewente, oan de bûtenkant autentyk en fan binnen fan alle gemakken foarsjoen. Mar tink derom: ek yn de wente fernimt men dat it om in hiel âld arbeidershûske giet. Mannich gast sil him bûge moatte omt de doarkezinen hiel leech binne. En ha jo altyd alris yn in bedstee lizze wollen? Dat kin hjir. Mar wy tinke dat jo jûns de sliepkeamer mei it gewoane bêd foar kar nimme boppe de bedstee.
Wa wie Anne P.?
Anne Veenstra-Posthumus, yn ús doarp foaral bekind as Anne P., is en wie yn Rottefalle in begryp. Dit monumint oan de Brouwersgrêft hat mear as tritich jier yn it besit west fan Anne P. Nei har ferstjerren yn 2013 ha wy yn 2014 it hûske kocht en ferboud sa’t it no is.
De Rottefalle
De Rottefalle is in lyts doarp yn de gemeente Smellingerlân (fuort by Drachten), sintraal lein yn de noardlike trijehoek Ljouwert, Grins, Assen. De Rottefalle is in doarp dat ryk is oan skiednis. Foar de leafhawwer binne der genôch skiednisboekjes yn de wente oanwêzich. De Brouwersgrêft bygelyks leit yn de âlde kearn fan it doarp en bestie al ear't it doarp har namme krige.