Stee is in oar wurd foar plakje. 't Stee fan Anne P. is in folweardige fakânsjewente, oan de bûtenkant autentyk en fan binnen fan alle gemakken foarsjoen. Mar tink derom: ek yn de wente fernimt men dat it om in hiel âld arbeidershûske giet. Mannich gast sil him bûge moatte omt de doarkezinen hiel leech binne. En ha jo altyd alris yn in bedstee lizze wollen? Dat kin hjir. Mar wy tinke dat jo jûns de sliepkeamer mei it gewoane bêd foar kar nimme boppe de bedstee.
Komplete wente
As men 't Stee fan Anne P. hiert, hat men de komplete wente ta syn foldwaan. Wy moatte tajaan, it is in lytse wente, mar it is fan alle gemakken foarsjoen. Men komt yn 'e hûs troch de efterdoar, wêr't de bijkeuken mei douche en toilet binne. In doar fierder en men is yn de keuken en de hal. Efter de keuken is in sliepkeamer foar twa persoanen. Yn de hal is de fêste trep nei de (iepen) boppeferdjipping, wêr 't ek nochris trije sliepplakken ynrjochte binne. Ut de keuken wei kin men nei de gesellige wenkeamer, wêr't de bedsteedoarren derút kypje. Foar de leafhawwer is der de mooglikheid om te sliepen yn de bedstee yn de wenkeamer.
De wetterlieding is foarsjoen fan in wetterûnthurder. Dat betsjut sêft wetter, sadat men sjippe, sjampoo of oare skjinmakprodukten ta 50% beheine kinne. Hoewol't it noch net genôch bewiisd is, docht bliken dat myld wetter ek by ekseem of hûd-yrritaasje de klachten fan jokte fermindert. As besiker sil men it foaral bemerke mei it hanwaskjen en douchen. De hûd fielt mylder oan.
Alde eleminten
De bedsteedoarren is net it iennige dat opfalt yn de wenkeamer. De wente is mei it dimpen fan de feart behoarlik nei foaren fersakke. Dit is mei it bleate each dúdlik te sjen: der is mar leafst in ferskil fan 35 sintimeter! Men kin it sjen oan de balken keamersouder. It raamkezyn yn de sydgevel ha wy mei opset skean litten. Mar men hoecht jin gjin soargen te meitsjen, it hûs fersakket net fierder. De ûnder- en de boppeferdjipping binnen 100% wetterpas. It leit dus net oan jo as jo mear skeane dingen sjogge, mar dat leit oan it hûs. De ruten fan de finsters yn de foargevel binne noch de âlde sko-ruten. Dizze kin men omheech skowe as it te waarm wurdt yn de keamer.
Tún
Lykas al sein komt men yn 'e hûs troch de efterdoar. It terras en de (ôfskiedene) tún efter it hûs ha de hiele dei de sinne. Sa gau as de sinne skynt, kin men al bûten sitte. Ek de bern kin harren tige ferdivedearje op it moaie gersfjild. Wy ha de ôfrûne twa jier ûnderfûn hoe waarm it hjir wurde kin. Dêrom binne wy noch fan doel om efter yn de tún in oerkapping te bouwen sadat jo it skaad opsykje kinne, mocht it te waarm wurde. Troch de beammen foar de wente bliuwt it yn 'e hûs lekker koel en dat is noflik. De blêden oan de beammen hâlde de sinnestrielen der út.
En fierders
• ’t Stee is foarsjoen fan triedleas internet
• Yn de middelste diggelkast efter in bedsteedoar sit boppe-yn in lytse tillevysje
• Underyn de diggelkast fynt men ferskate soarten boeken. Hjir is it mooglik om te ruiljen. Ha jo sels in moai boek dat jo graag trochjaan wolle, dan kinne jo dit meinimme en ruilje foar in oar boek.
• ’t Stee is spitigernôch net geskikt foar minsken dy’t gebrûk meitsje fan in rolstoel.
• Smoke dogge wy bûtendoar.
• Gjin húsdieren.