Wy binne Gertjan en Yvette, eigners fan 't Stee fan Anne P.
Snein 13 april 2013 makken wy in kuier en rûnen oer de Brouwersgrêft werom op hûs oan. In bryfke mei 'te koop' en in tillefoannûmer hongen foar it rút fan it hûske fan Anne P.
Dat wie ús noch net earder opfallen. Omt Gertjan fan syn hobby syn wurk makke hat – hy is tiimmerman by syn eigen bou-ûndernimming De Haan – rûnen wy in slach om it hûske hinne en beseagen de minne steat fan it hûs. Tagelyk foel it ús op dat efter it hûs noch in hiel stik grûn lei. Dat wie ús noch net earder opfallen, it stie altyd fol mei beammen en in protte grien.

Yvette hie Anne P wolris moete by nifel-oerkes fan de legere skoalle. Ut har funksje fan Doarpsbelang wei hie se noch net sa lang lyn op fersyk fan Anne P mei har praat oer in mooglike nije bestimming foar it hûske. Omt it hûske yn sa'n minne steat ferkearde, kamen Anne P. en Doarpsbelang net ta in oerienstimming.

Wylst wy om it hûske hinne rûnen, waard de term Bêd & Brochje mompele. Gertjan soe dit hûs sels wol hielendal opknappe kinne…… Om in lang ferhaal koart te meitsjen: de moandeitemiddeis koene wy it besjen en op tongersdei 17 april hiene wy de mûnlinge oerienkomst. Mar net foardat wy mei ús bern Siebe en Stijn oerlein hiene. De oankeap fan dit hûske soe nammentlik betsjutte dat wy dy simmer net op fakânsje gyngen, de hiele boufak moast ommers brûkt wurde foar de ferbouwing. Beiden wiene unanym yn harren miening: Leuk! Dwaan!

Einliks is 't Stee fan Anne P. fan ús alle fjouwer. Allegearre ha wy ús diel levere, elk op syn eigen wize. En no binne wy alle fjouwer sa grutsk as in pau op it resultaat.

As jo skilje mei ’t Stee fan Anne P. krije jo dus ien fan ús oan de tillefoan:

Gertjan, selsstannich timmerman, Bou-ûndernimming De Haan Bouwonderneming De Haan
Yvette, selsstannich tekstskriuwer.
Siebe, 26 jier
Stijn, 24 jier

Fasiliteiten:

  • Televyzje en ynternet
  • Keuken mei ôfwaskmasine en kuolkast mei friesfak
  • Waskmasine
  • Houtkachel
  • Tún mei túnset

Folgje ús op:

Adres:
't Stee fan Anne P.
Brouwersgrêft 5
9221 SZ  Rottevalle
Route
Tillefoan: (06) 15 22 12 60
E-mail: info@tsteefanannep.nl

Naar boven